Homestead Act

Homestead dokumint yn Nebraska
Noarske homesteaders foar harren plaggehut yn Noard-Dakota yn 1898

De Homestead Act wie in wet yn de Feriene Steaten dy't op 20 maaie 1862 tekene waard troch presidint Abraham Lincoln. De wet hold yn dat in famylje dy't 5 jier lang op in bepaald stik lân wenne en wurke hat, dat opeaskje koe as priveebesit. Dit mei in grins fan 65 bunder. Oft in famylje al 6 moanne in stik lân bewurke hie, mar noch gjin 5 jier koe it kocht wurde foar de tige lege priis, fan 1,25 dollar de acre of 308 dollar de km².

De Homestead Act spile in wichtige rol by it ferôverjen fan it Wylde Westen (it westen fan de Feriene Steaten) en it hieltyd ferlizzen fan de westlike grins. It hat miljoenen Jeropeanen oanmoedige en emigrearje nei de Feriene Steaten. De wet hat der benammen oan bydroegen dat Amerikanen sljocht binne op it hawwen fan priveebesit.

Tusken 1862 en 1934 hawwe 1,6 miljoen 'homesteaders' in oerflak fan sa'n 1.087.795 km² krigen. Dat is in tsiende part fan it totaal oerflak fan de Feriene Steaten.

It bewurkjen fan it neffens dizze wet krigen lân is net altyd slagge. Der is rûsd dat ûngefear de helte fan dizze 'homesteaders' der net yn slagge is bou in bestean op mei de opbringsten fan harren nije lân. Dêr koene ferskate redens foar wêze, lykas klimaat, gebrek oan kunde en middels foar it bewurkjen fan it lân.

Yn 1976 is dizze wet ferfongen troch de wet Federal Land Policy and Management Act útsein foar Alaska, dat dêr yn 1986 einige. De oerheid woe de kontrôle en behear fan de noch oerbliuwende nasjonale gebieten yn hannen hâlde.


Developed by StudentB